Buske yn de sleat

23 jan 2014 - 20:19

In autobestjoerder is tongersdeitejûn ferwûne rekke neidat er mei syn buske yn de sleat bedarre by de sneldyk A32 by Grou. It buske kaam yn botsing mei in auto, nei alle gedachten by it opriden fan de dyk. De auto kaam nei de botsing yn de berm ta stilstân, mar it buske rekke te wetter.

De bestjoerder koe der noch wol sels útkomme, mar moast dernei nei it sikehûs yn Ljouwert brocht wurde.

Trefwurden: 
ûngelok A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)