Plysje klear foar Fryske derby

23 jan 2014 - 19:05

De plysje sil dit wykein alles op alles sette om de feiligens by de Fryske derby SC Cambuur-SC Hearrenfean te garandearjen. De derby wurdt sjoen as in risikowedstryd en dat besjut dat der mear minsken as oars ynsetten wurde. Hoefolle plysjeminsken der krekt ynsetten wurde, wurdt net bekend makke. By de foarige Fryske derby yn septimber wiene dat in lytse 300. Dúdlik is dat de plysje yn Noard-Nederlân syn hannen fol hat oan fuotbal de kommende dagen, want yn Grins stiet de risikowedstriid FC Grins-FC Twente op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)