Caravana útein set

Caravana, de grutste kampearbeurs fan Nederlân, is tongersdei wer fan start gien. Yn it WTC Expo yn Ljouwert kinne minsken oant 28 jannewaris ûntdekke wat de nijste trends op kampeargebiet binne. De 400 stands op de beurs wiene yn septimber al útferkocht. De organisaasje ferwachtet dat it oantal besikers fan ferline jier, 45.000, rom oertroffen wurde sil.
Organisator Mirel Bosman fertelt dat kampearen ûnder Nederlanners noch altyd populêr is. Undernimmers spylje dêr neffens har op yn mei de term 'glamping', it saneamde glamorous camping.