Gjin 'Thialf-beswier' BAM

In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen
Boubedriuw BAM tekenet gjin beswier oan tsjin de gunning fan de ferbou fan Thialf oan Ballast Nedam. De ôfrûne dagen diene twa oare gadingmakkers dat wol. Sawol it konsortium Dijkstra Draisma en Jorritsma as it konsortium Friso en Van Wijnen fynt dat de ferbou troch in Frysk bedriuw dien wurde moat. De wurkgelegenheid bliuwt dan yn Fryslân.
BAM makket gjin beswier omdat it op ien fan de lêste plakken by de oanbestegingsproseduere einige en net ferwachtet de opdracht as noch te krijen.