Jild foar doarpen
De gemeente Littenseradiel wol jild beskikber stelle foar basisfoarsjennings yn de doarpen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dêr ienmalich mear as fjouwer ton yn stekke. Ferskate doarpen kinne mei de subsydzje klaaikeamers bouwe by de keats- en sportfjilden. Ek it doarpshûs fan Húns en Leons krijt jild.