Van der Duim nei heale finale
Antal van der Duim hat op it Future tennistoernoai yn it Sineeske Mengzi de heale finale berikt. Yn de kwartfinale wie de âld-Finkegeaster yn twa sets (6-4/6-1) te sterk foar de Yndiër Karan Rastogi.
Sneon nimt Van der Duim it yn de heale finale op tsjin syn lângenoat Boy Westerhof. Van der Duim is de nûmer trije fan de pleatsingslist yn Sina, Westerhof is as twadde pleatst.