Gjin jild foar dyk N393

De provinsjale dyk N393 troch it noardwesten fan Fryslân wurdt foarearst net oerdroegen oan gemeenten dêr. De dyk giet fan Harns nei Stiens, troch de gemeenten Frjentsjerteradiel en It Bilt. Yn guon doarpen is de situaasje sa dat de stoepen fan de gemeente binne en de dyk fan de provinsje. De kwaliteit fan de dyk is foaral yn Froubuorren, Minnertsgea en Tsjummearum op dit stuit net optimaal. Om dy reden soe de dyk oerdroegen wurde oan de gemeenten, mar dêr is gjin jild foar. De provinsje ferwachtet de oerdracht net earder as yn 2016.