Popkelder Snits giet oer

Snitser popbands krije definityf gjin oefenromte ûnder de âlde Geeuwbrêge yn de stêd. De plannen dêrfoar wiene al hielendal klear en it jild wie der ek, mar toch sjocht de gemeente Súdwest-Fryslân der fan ôf. De gemeente docht dat yn oerlis mei wolwêzensorganisaasje Timpaan, dy't de kelder beheart.
Reden is dat it lestich is om by de kelder te kommen. It iennichste paad derhinne is oer in fytspaad.
Beide partijen dogge no ûndersyk nei in oare lokaasje. Se ha al in pân op it each mar wolle net sizze om watfoar pân it giet. Nei de simmerfakânsje moat dêr mear dúdlikheid oer komme.