It giet min mei de arbeidsmerk

23 jan 2014 - 11:15
UWV - Foto: ANP

It giet min mei de wurkgelegenheid yn Fryslân. Dat docht op 'e nij bliken út sifers fan it UWV en CBS. Yn Fryslân is it ôfrûne jier it tal WW-útkearings mei hast 25% tanaam sa meldt it UWV. Neffens it CBS binne der yn 2013 lanlik 100.000 wurkleazen bykaam. Hoefolle Friezen har baan ferlern hawwe is net bekend makke.

Der is ek in rekôrtal bedriuwen fallyt gien yn 2013. Dat wie 12% mear as yn 2012.

(advertinsje)
(advertinsje)