Wommelser ferwûne by ûngelok

© ANP XTRA
By in oanriding op de Planetenlaan yn Ljouwert is woansdeitejûn in 42-jierrige automobilist út Wommels ferwûne rekke. De bestjoerder kaam yn botsing mei in 76-jierrige automobilist út Ljouwert. Nei alle gedachten hat in foarrangsflater de oarsaak west fan de oanriding.
Troch de oanriding wie der in protte oalje op de dyk telâne kaam. De gemeente moast deroan te pas komme om dit op te romjen. De 42-jierrige Wommelser is oerbrocht nei it sikehûs.