Ludike aksje by Cambuurstadion

23 jan 2014 - 06:33

Supporters fan SC Hearrenfean hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei by it Cambuurstadion in spandoek fan Klein Duimpje ophongen en in pear lytse learzens pleatst. Lang hong it spandoek der lykwols net, want in oplettende Cambuur-fan helle it rap fan de muorre.

De Feansupporters fine dat de lytze learzens en de namme Klein Duimpje better past by Cambuur as de selskeazen bynamme de 'Slapende Reus'. Takom snein is de derby tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur. De wedstriid wurdt om healwei ienen spile yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)