Noch gjin beslút hockeyklup

Harnzer Hockey Klub © Wytse Vellinga, Omrop Fryslân
De Harlinger Mixed Hockey Club is lilk op de gemeenteried. Woansdeitejûn waard opnij it definitive beslút oer de oanlis fan twa nije hockeyfjilden útsteld. Pas op 5 maart sil de gemeenteried definityf ja of nee sizze. Neffens it bestjoer wachtsje se al jierren op de nije fjilden. It hjoeddeiske fjild foldocht net mear oan de easken fan it hockeybûn en is boppedat gefaarlik. Sa binne der al ferskate hockeyers ferwûne rekke doe't se ûnderútgiene. Troch it útstellen fan it definitive beslút komt neffens it bestjoer it nije seizoen yn gefaar.
In mearderheid fan de gemeenteried is wol foar it oanlizzen fan de nije fjilden, mar wol no noch net in plak kieze. Dat hinget ôf fan de fúzjeplannen fan twa fuotbalklups yn de stêd.