Bromfytser omkaam by Harich

© ANP XTRA
Op de Westerein flakby Harich yn de gemeente De Fryske Marren is woansdeitejûn in bromfytser om it libben kaam. It slachtoffer is mooglik út de bocht flein, en hurd delkaam. Doe't de helptsjinsten by it plak fan it ûngelok oankamen wie it slachtoffer al ferstoarn.
It is net dúdlik wat krekt de oarsaak fan it ûngelok west hat. Op it stuit fan it ûngelok wiene der gjin tsjûgen.