Gjin soarch oer boarput

Ynwenners fan Aldegea en Garyp hoege harren gjin soargen te meitsjen oer de grutte boartoer dy't sûnt koart yn it bûtengebiet te finen is. Dat seit gasbedriuw Vermillion. De toer stiet der sûnt inkele dagen om't der besocht wurdt in nije foarried oan gas te berikken. It giet om in gasfoarried op hast 2,5 kilometer djipte. It giet om in nije ôftakking fan in besteande put. Yn Grinslân is op it stuit in soad reboelje oer it winnen fan gas, mar oant no ta ha der noch gjin ferûntrêste Friezen by Vermillion west.