De Kûpe op de frijwillige toer

Swimbad De Kûpe Bûtenpost
Swimbad de Kûpe yn Bûtenpost moat nei de oername op syk nei frijwilligers. Der binne ûnder oare gasthearen- en froulju nedich foar it hoarekapart fan it swimbad. It swimbad is fan 1 jannewaris ôf oernaam troch de stifting Sportcentrum De Kûpe. Hjirmei is sluting foarkaam. Mar it bad krijt in stik minder subsydzje, dus in protte wurksumheden moatte no troch frijwilligers dien wurde. It stiftingsbestjoer hopet úteinlik in groep fan sa'n 50 minsken te finen foar ferskate frijwilligersbaantsjes.