Rydbewiis deade man brûkt

22 jan 2014 - 17:51

In 48-jierrige man út Ljouwert hat op woansdei besocht om mei it rydbewiis fan syn ferstoarne heit ûnder in boete út te kommen. De man ried om kertier foar tolven hinne moarns mei syn bestelauto op de A28 by Ermelo. By in kontrôle joech de man in rydbewiis fan immen út 1929. De plysjeman dy't de kontrôle die koe net leauwe dat de bestjoerder al sa âld wie. Doe't er trochfrege waard dúdlik dat hy it net wie. It rydbewiis fan de 48-jierrige man is yn novimber ynnaam, en hy mocht oant 14 maart net ride. De bestjoerder hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje ferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)