10 Miljoen sigaretten yn loads

22 jan 2014 - 17:25

Yn in opslachloads yn Surhústerfean binne woansdei 10 miljoen sigaretten oantroffen. De partij hie gjin aksynssegels. De dûane en de fiskale ynljochtinge- en opspoaringstsjinst kamen de partij sigaretten by tafal tsjin. As de sigaretten op de Nederlânske merk kommen wiene, hie de steat mear as 2 miljoen euro oan aksyns misrûn. Nei alle gedachten wiene de sigaretten bestimd foar de Ingelske merk. De FIOD hat de partij yn beslach naam en docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Surhústerfean sigaret
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)