Grutte boartoer by Aldegea

Yn it bûtengebiet by Aldegea (Smellingerlân) stiet in 40 meter hege boarynstallaasje. Op hast twa-en-in-heale kilometer djipte wurdt boarre om by in foarried gas te kommen. Dat wurdt oant ein jannewaris dien en giet 24-oeren deis troch. Foar Vermilion út Harns is it needsaak om de produksje op peil te hâlden. Vermilion ferwachtet hjirtroch gjin Grinzer tastannen lykas boaiemdelgong.