Fryske kat makket fiere reis

22 jan 2014 - 16:43

In kat út Ljouwert dy't al sûnt desimber fermist waard, is woansdei weromfûn yn Assen. Dat meldt RTV Drenthe. It is net dúdlik hoe't it bist safier fan hûs rekke is. De kat, mei de namme Sowi, waard troch in reizger op it stasjon yn Assen út in bus weihelle. It bist siet al sûnt Grins yn de bus.

Sowi koe troch in chip yn har fel wer by har baaske werombrocht wurde. Sowi hat net in protte oerhâlden oan har aventoer en is yntusken wer thús yn Ljouwert.

Trefwurden: 
kat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)