Fryslân offisjeel gentechfrij

22 jan 2014 - 15:29

Fryslân is offisjeel 'Gentechfrij' ferklearre. Provinsjale Steaten hawwe Fryslân woansdei offisjeel dy titel jûn. Sy sprekke har hjirmei út tsjin de tylt fan genetysk modifisearre gewaaksen op proeffjilden en kommersjele tylt. It inisjatyf foar dizze útspraak komt fan GrienLinks en wurdt stipe troch de SP, PvdA, FNP, D66 en de ChristenUnie.

Mei de útspraak fan Deputearre Steaten seit de provinsje dat se alles deroan dwaan sille om Fryslân frij te hâlden fan de tylt fan genetysk modifisearre gewaaksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)