Meeter sylt ûnder eigen namme

De Meeters geane troch mei it skûtsjesilen yn de SKS, mar dogge dat tenei net mear foar de stêd Boalsert. Dat betsjut dat nei 40 jier in ein komt oan de B yn it seil. Skipper Pieter Meeter wol dêrfoar yn it plak de famyljenamme brûke, PM. Al jierren naam de belangstelling, stipe en sponsoring út Boalsert wei ôf.
De Meeters ha dizze feroaring yn in brief oan it bestjoer fan de SKS witte litten. It bestjoer bepraat dy brief freed yn in gearkomste. Skipper en eigner ferwachtsje gjin problemen om't it neffens har binnen de regels fan de SKS past
Ek de sponsors fan it skip binne oanskreaun. Dy ha noch net reagearre.