Frou rydt troch nei botsing

22 jan 2014 - 12:08

De plysje hat tiisdei in 21-jierrige frou út it eardere Boarnsterhim oanhâlden nei't se nei in botsing by Boazum trochriden wie. Se soe mei de auto op de ferkearde helte in tsjinlizzer rekke ha en slingerjend trochriden wêze. By Goutum koe de plysje de frou achterhelje. Se sei dat se yn sliep fallen wie en dat ien tsjin har auto botst wie. By de frou is in bloedproef ôfnaam om't se medisinen brûkt hie dy't it riden beynfloedzje kinne.

Trefwurden: 
plysje botsing Boazum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)