Nij: Kollumer swiete earten

22 jan 2014 - 12:04

Stichting Wâldfrucht út Bûtenpost bringt ferskate nije produkten op de merk. Op fakbeurs BioVak foar duorsum iten yn Swolle presintearret Wâldfrucht woansdei yn gearwurking mei Earlik Ite Fryslân ferskate tamakke mielen, dy't yn de magnetron opwaarme wurde kinne. De âlde Fryske beannerassen Kollumer swiete earte, it giele wâldbeantsje en de reade krobbe binne de basis fan waarme mielen.

De Kollumer swiete earte is ek in nij produkt foar Wâldfrucht. It giet om in hast útstoarne eartesoart, dêr't no wer twa bunder fan ferboud wurdt.

Projektlieder Henk Pilat ferwachtet in soad fan de kant en kleare mielen. In soad minsken dogge it har net oan tiid om de beannen te weakjen en oerenlang te sieden. Troch de âlde beannerassen no ek kant en klear oan te bieden hopet Pilat nije doelgroepen oan te boarjen. De tamakke mielen wurde no freed presintearre yn in supermerk yn Kollum. Wâldfrucht wol de mielen yn gearwurking mei Earlik Ite Fryslân te keap oanbiede yn supermerken en oare winkels yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)