Boerum wol wer monumintestatus

Boerum komt yn aksje om de monumintestatus fan mûne Windlust te behâlden. De mûne baarnde hast twa jier lyn ôf en wurdt op dit stuit op 'e nij opboud. Neffens de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed wurde dêrby te min oarspronklike ûnderdielen brûkt om de mûne wer in monumintestatus te jaan. Boerum is it dêr net mei iens en ferwiist nei in gebou yn Meppel dat nei werbou ek wer de monumintestatus krige. It doarp hopet fia Twadde Keamerlid Lutz Jacobi omtinken fan de polityk te krijen foar de saak.