Opsterlân beslút oer Polderhoofdkanaal
De gemeenteried fan Opsterlân beslút op 27 jannewaris oft de weriepening fan it Polderhoofdkanaal realisearre wurdt. De Ried fan Steat besleat woansdei dat beswieren tsjin de weriepening net honorearre wurde. Dêrmei is in ein kaam oan in lange perioade fan beswieren tsjin de weriepening fan it kanaal by Nij Beets. De gemeenteried kin no yn in ekstra riedsgearkomste beslute oft it projekt trochgiet. Mocht dat it gefal wêze, dan kin de oannimmer neffens de gemeente binnen in pear dagen mei it wurk begjinne.