Polderhoofdkanaal giet troch

22 jan 2014 - 10:18

It Polderhoofdkanaal mei wer befarber makke wurde. Nei jierren fan strideraasje hat de Ried fan Steat woansdeitemoarn ûntheffing jûn fan de floara- en faunawet foar beskerme bisten. It Polderhoofdkanaal rint fan Nij Beets nei De Feanhoop. Jierrenlang wurdt al striden om de weriepening fan it âlde kanaal. It soe in goede ympuls wêze foar de ekonomy yn it gebiet. Twa ynwenners fan De Feanhoop hienen beswier tsjin de ûntheffing makke. De útspraak is definityf, dat betsjut dat de oanpassings oan it kanaal lang om let útfierd wurde kin.

De Ried tinkt dat it befarber meitsjen fan it kanaal sa'n 100 oant 120 banen opsmyt. Op it provinsjehûs binne se ferromme no't it wurk oan it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal ôfmakke wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)