'Mear dioksine yn aaien stêd'

It dioksinegehalte yn aaien yn de stêd Harns is folle heger as dat fan de aaien yn it bûtengebiet ûnder de reek fan Harns. Dat docht bliken út in ûndersyk fan toksikolooch Abel Arkenbout fan Toxicowatch. Hy krige aaien oanbean fan in pikehâlder út de Midlumerlaan en dy binne ûndersocht troch it laboratoarium.
Oant no ta wienen aaien út de stêd net ûndersocht. Ek net troch de GGD. Neffens Arkenbout is de konsintraasje dioksine yn de stêd fierstente heech en moat der sa gau mooglik ûndersyk dien nei de boarne(n).