Nije oanfaller foar Cambuur

21 jan 2014 - 20:39

SC Cambuur hat tiisdei de Nigeriaan Bartholomew Ogbeche foar de rest fan it seizoen fêstlein. De oanfaller (29) hat de ôfrûne dagen al meitraind en hat ek meispile yn it oefenduel tsjin de beloften fan Go Ahead Eagles. Dêryn skoarde hy fiif kear.

Ogbeche spile earder foar Paris Saint-Germain, Bastia, Metz, Real Valladolid en Middlesbrough. Ek wie hy mei it nasjonale elftal fan Nigearia aktyf op it WK fan 2002 yn Japan en Súd-Koreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)