Thialf net wiis mei rjochtsaak

De direksje fan iisstadion Thialf is net bliid mei it koart pleit dat boukonsortium Dijkstra Draisma/Jorritsma oanspand hat fanwege de oanbesteging fan de iisbaan. 'Mar ik begryp it wol', seit direksjelid Willem Jan van Elsacker. 'It giet om in grutte opdracht en bedriuwen fjochtsje dan foar harren saak.'
Ynhâldik wol hy net op de kwestje reagearje. Dat bart net earder as freed. Dan rint de termyn ôf om beswier oan te tekenjen tsjin de oanbestegingsproseduere fan de ferbou. De groep mei Dijkstra Draisma einige as twadde yn dy proseduere.
It konsortium fan Ballast Nedam mei allinnich bedriuwen fan bûten Fryslân einige as earste. It konsortium fan Dijkstra Draisma en Jorritsma is it net iens mei de beoardieling en motivaasje fan de plannen. En dêrom is de rjochter frege om der nei te sjen. It koart pleit tsjinnet op 6 maart.
Deputearre Konst hie der wol rekken mei hâlden dat de oanbestegingsproseduere in juridyske proseduere opsmite kinne soe, mar seit it wol hiel spitich te finen dat it ek safier komt.