Autorit mei man op motorkap

21 jan 2014 - 12:54

In Drachtster (22) hat moandei nei in ferkearsrúzje in rit op de motorkap fan in auto makke. De auto wie van in oare Drachtster (28). Oanlieding foar it skeel wie in botsing earder op de dei. Dêrby kaam de 28-jierrige man yn botsing mei in Ljouwerter (29). Nei it ûngelok naaide de Drachtster út. De Ljouwerter sette de achterfolging yn.

Neidat er de auto klem ried, sprong de 22-jierrige Drachtster - dy't byrider wie fan de Ljouwerter - út en klom op de motorkap fan syn plakgenoat.

De Drachtster ried yn panyk mei de man noch op de motorkap fuort. Nei in rit dwers troch Drachten koe de 28-jierrige man oanhâlden wurde. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De 22-jierrige Drachtster kaam der wûnder boppe wûnder sûnder ferwûnings ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)