Disel út bosboumasines stellen

21 jan 2014 - 12:45

Dieven hawwe alle disel út bosboumasines yn it Drents Friese Wold by Appelskea helle. Alle tanks wiene leech. It giet mei-inoar om hûnderten liters. De masines binne fan de oannimmer de gebroeders Hooijer. It giet om saneamde harvesters dêr't je beammen mei kapje kinne en om grutte trekkers.

Neffens Steatsboskbehear is it net de earste kear dat der sa disel stellen waard, mar it giet diskear wol om in hiel soad brânstof.

Trefwurden: 
stellen disel bosbou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)