Wurk oan Wâldwei

09 feb 2012 - 13:47

De Wâldwei is yn de nacht fan tongersdei op freed foar in part ôfsletten foar wurk oan 'e dyk. It giet om in koart stikje besuden Ljouwert, de rydbaan rjochting Drachten tusken de Werpsterhoeke en de ôfslach Himriksein. Dêr wurde tariedings troffen foar de oanlis fan de nije grutte wei om Ljouwert hinne, de Heak om Ljouwert.

It stik Wâldwei is ôfsletten tusken jûns 8 oere en de oare moarns 6 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)