Bedriger Suderplein sit fêst

Nei it ûngelok fleach de scooter yn brân © Marnix Kappers
De man dy't sneontejûn op it Suderplein yn Ljouwert in kameraman bedrige mei in mes sit fêst op it plysjeburo. De Ljouwerter waard moandei oanholden foar in oar strafber feit. De plysje koe him dêrnei linke oan de bedriging fan sneontejûn. De bedriging fûn plak nei in slim ûngelok op it Suderplein wêrby't in besoarger fan in shoarmasaak (19) út Ljouwert slim ferwûne rekke doe't er oanriden waard troch in wyt buske.
De bestjoerder ried troch nei it ûngelok, mar koe letter oanholden wurde. Hy is nei ferhoar wer frijlitten.
It slachtoffer waard oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Hoe't it krekt mei him giet is ûnbekend.