Rjochtsaak oer gunning Thialf

21 jan 2014 - 11:25

It konsortium mei de boubedriuwen Dijkstra Draisma en Jorritsma spant in rjochtsaak oan tsjin iistadion Thialf. De kombinaasje is it net iens mei de gunning fan de ferbouwing fan Thialf oan it konsortium mei Ballast Nedam. Dijkstra Draisma einige as twadde yn de proseduere. De groep wie goedkeaper as Ballast Nedam, mar ferlear it op de beoardieling en motivaasje.

De fjouwer konsortia dy't it projekt net krigen, kinne oant ein dizze wike beswier oantekenje. Dan is de definitive gunning fan it projekt. De bou begjint yn april.

De provinsje hat 50 miljoen euro foar it projekt útlutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)