Auto te wetter by Goutum

21 jan 2014 - 10:56

In automobilist is tiisdeimoarn betiid op de Boksumerdyk by Goutum mei de auto te wetter rekke. Troch de glêdens ferlear de bestjoerder de kontrôle oer de auto en skeat út de bocht. De man ried oer in ferkearsboerd en bedarre úteinlik yn it wetter. De auto sakke rap nei de boaiem, mar de man koe der mei help fan in omstanner op tiid útkomme.

De man rekke net ferwûne by it ûngelok. De auto is troch in bergingsbedriuw út it wetter helle.

Trefwurden: 
ûngelok auto wetter Goutum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)