Fermiste frou fan Skylge fûn

De 82-jierrige frou dy't sûnt moandeitemiddei fermist waard op Skylge is tiisdeitemoarn om in oere as acht hinne fûn yn in bosk yn 'e buert fan Hoarne. De frou hat 19 oeren fermist west, mar makket it nei omstannichheden goed.
Op Skylge waard sûnt moandeitemiddei manmachtich socht nei de frou. Meiwurkers fan Steatsboskbehear, de KNRM, de brânwacht en in helikopter fan definsje speurde it eilân ôf. Der waard ek in Boargernetoprop dien. Om middernacht wie de frou noch net fûn, wêrnei't de sykaksje tiisdeitemoarn wer fierder gong.