De Jong sylt op Bark Europa

21 jan 2014 - 07:23

Skûtsjeskippers Gjalt de Jong fan Earnewâld en Klaas Gaastra sille mei it sylskip Bark Europa fan Argentinië nei Antarktika sile om dêrnei werom te gean nei Harns. De manlju sitte mei-inoar sa'n fjouwer moannen op see. Op syn reis sil De Jong foar it earst op see de evener passearje. Dat betsjut dat Neptunus oan board komt, in spesjaal ritueel op see.

Sylskip Bark Europa sil nei oankomst yn Harns ek noch meidwaan oan de tallshiprace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)