'Guozzen moat oar plak krije'

21 jan 2014 - 06:43

De provinsje Fryslân moat net samar in ûntheffing jaan foar it ôfsjitten fan guozzen. Der moat earst goed neitocht wurde oer in alternatyf. Dat fynt de bistebeskerming. Dy pleitet foar it oanwizen fan gebieten dêr't de guozzen wol sitte meie.

Ferline jier sneuvele it Guozze-akkoart. De partijen werûnder de provinsje, boeren en natoerbeskermers slaggen der net yn ta in oerienkomst te kommen oer hoelang't jo guozzen winterdeis mei rêst litte moatte. Neffens de bistebeskerming liket it der op dat de provinsje de jacht winterdeis tastean wol.

De biste-organisaasje pleitet foar oare maatregels, bygelyks troch lân fan boeren minder oantreklik te meitsjen foar guozzen en stikken lân oan te wizen dêr't de bisten wol oerwinterje meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)