Tsjûgen socht rôf Frjentsjer

Plysje-embleem © ANP
De plysje siket tsjûgen fan de strjitrôf dy't moandeitemoarn betiid plakfûn yn de Botniasteeg yn Frjentsjer. Om in oere as sân hinne wie in 47-jierrige frou út Harns drok dwaande om guod yn har auto te laden. De frou waard troch in ûnbekende man bedrige mei in pistoal en twongen har mobile tillefoan ôf te jaan. De dief naaide dêrnei op 'e fyts út. De frou hat oanjefte dien.
De plysje is op syk nei minsken dy't moandeitemoarn betiid wat sjoen ha. Dy kinne belje mei 0900-8844 of Meld Misdaad Anoniem op 0800-0700.