Amelân wol gjin wynmûnepark

It Amelân rekket mear as in trêdde part fan de toeristen kwyt as der wynmûneparken by it eilân komme. Dat seit de Recron, de organisaasje fan de rekreaasje-ûndernimmers. De ûndernimmers fan It Amelân komme yn ferset tsjin it plan fan minister Kamp. Hy wol wynmûneparken binnen 20 km fan it strân ôf mooglik meitse. It giet om hege peallen, dy dúdlik te sjen binne. Parken meie no 60 km fan it strân ôf.
De Recron wol dat in ûnôfhinklik buro de ekonomyske gefolgen fan sa'n park ûndersiket. Der giet in brief op poaten nei de minister.