Ferbean gokke yn ynternetkafee

20 jan 2014 - 18:19

De plysje en de gemeente Ljouwert hawwe freed in ynfal dien yn it 'Chill internet café' oan 'e Tunen yn Ljouwert. Dêr waard yllegaal gokt op benammen fuotbalwedstriden. By de ynfal waarden gokbriefkes en ticketprinters fûn.

It ynternetkafee mei foarearst iepenbliuwe oant it ûndersyk fan de gemeente en de Kansspelautoriteit klear is. Dan beslút de boargemaster hokker maatregels oplein wurde oan de eigeners fan it kafee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)