Nij streekprodukt 'Bôle'

20 jan 2014 - 17:03

Yn Fryslân is fan moandei ôf echte Fryske bôle te keap dy't de namme Bôle meikrigen hat. De bôle wurdt bakt by bakkers yn Fryslân en it moal komt fan Koopmans. It fabryk helle oant no ta weet fan omfierrens, út Frankryk en Dútslân wei. Fryske boeren hiene eins gjin belangstelling om weet foar de minsk te ferbouwen. Foar Bôle tinkt Koopmans sawat 8 persint fan de weet út Fryslân wei te heljen.

Mei it yn de merk setten fan Bôle wol Koopmans oansluting sykje by de eigen provinsje. By súkses komme der ek streekprodukten yn oare provinsjes.

Trefwurden: 
Koopmans bôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)