Opnames Tussen Kunst en Kitsch

De Avro is moandei yn it Fries Museum yn Ljouwert foar opnames foar it populêre televyzjeprogramma Tussen Kunst en Kitsch. Meastal stean der by dat programma lange rigen minsken mei de meast útienrinnende saken ûnder de earm, yn tassen of doazen. Somtiden sit dêr dat iene foarwerp tusken fan ûnskatbere wearde.
Yn it Fries Museum yn Ljouwert beseagen saakkundigen fan it tv-programma's mei-inoar mear as 900 meast útienrinnende saken lykas skilderijen, juwielen, sulver, diggelguod, âlde boeken en houtsnijwurk.