Mosk skoart goed, protter min

20 jan 2014 - 12:50

De mosk, de blokfink en de swarte lyster binne dit wykein it meast sjoen yn ús provinsje op de nasjonale túnfûgeltelling. Mei-inoar binne 1784 fûgels trochjûn. De top trije is gelyk oan ferline jier. Wol binne troch it mylde waar folle minder fûgels teld.

Benammen de protter docht it min, sa docht bliken út de telling. Yn Fryslân stiet de protter op plak 6, yn de rest fan it lân moat er it dwaan mei it 10e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)