Skipsladings no op trucks

09 feb 2012 - 12:50

Troch it strange winterwaar yn Nederlân, Dútslân en Frankryk fiert moalfabryk Koopmans yn Ljouwert faker weet en rogge oan mei frachtweinen yn stee fan mei binnenfeartskippen. De skippen dy't it fabryk yn Ljouwert befoarriedzje, hawwe lêst fan beferzen wetterwegen en farferboaden.

Al is der noch genôch foarried, de silo's foar de moalproduksje moatte wol oanfolle wurde. De oanfier oer de dyk hat perfoarst net de foarkar. It is djoerder en mei in frachtwein kin minder weet en rogge ferfierd as mei it skip.

Trefwurden: 
Koopmans skipfeart moalfabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)