Knegt is syn brûns kwyt

Sjinkie Knegt is al syn medaljes fan it yndivuduele EK shorttrack yn Dresden fan de ôfrûne trije dagen kwyt. De brûnzen medalje fan it einklassemint en de twa sulveren medaljes fan de 500 en de 3000 meter moat er wer ynleverje. Knegt gong yn de finale fan de ôflossing achter de winnende Rus Viktor An mei syn beide middelfingers yn 'e loft oer de einstreek. Dat wurdt him swier oanrekkene mei in reade kaart. Knegt wie frustrearre dat it net rûn sa as hy it wollen hie. It sulver fan de ôflossing mei de ploech wurdt him net ôfnommen.
It Olympysk startbewiis fan de 500 meter komt ek te ferfallen.
Knegt: "Dit wie in domme aksje. It kaam út frustraasje. It hiele toernoai ryd ik goed, mar twa kear fal ik, wylst ik der sels neat oan dwaan koe. En dan ferlieze we de relay ek noch. It wie net rjochte oan An. Dat liket wol sa, dat snap ik, mar An koe der ek neat oan dwaan."