Follybalfroulju pakke Peelpush

De follybalfroulju fan Snits ha sneintemiddei mei 3-1 wûn fan Peelpush. Yn de sporthal yn Meijel gong de earste set mei 25-18 nei de Snitser froulju. Yn de twadde set hienen de froulju fan trainster Petra Groenland it lestich mei de passing en gong de winst mei 25-15 nei Peelpush. De Snitsers herpakten har goed en hellen mei 25-15 en 25-19 in knappe oerwinning binnen.