Soer ferlies Snits Wyt Swart
Snits Wyt Swart Boso Snits hat de earste wedstriid nei de winterstop soer mei 3-0 ferlern fan RKHVV. Op eigen fjild hienen de Snitsers fierwei it bêste fan it spul. Age Hains Boersma en Erolind Derguti wienen yn in goede begjinfaze ticht by de 1-0. Op slach fan rêst wie it lykwols RKHVV dat mei it noadige gelok de iepeningstreffer makke.
Ek nei rêst krigen de Snitsers folop kânsen op de lykmakker, mar op 'e nij wienen it de gasten út Huissen dy't it fizier op skerp hienen. Fan 11 meter ôf tekene RKHVV úteinlik foar de 3-0 einstân.
De ploech fan trainer Johan Groote bliuwt troch de ferliespartij stykjen op 24 punten út 14 wedstriden.