FVC ûnderút by Alcides

FVC die minne saken nei de winterstop troch mei 3-0 te ferliezen fan Alcides. Yn Meppel kaam Alcides al nei 10 minuten op foarsprong. Binnen it healoere ferdûbele de thúsploech de skoare en seagen de Ljouwerters by rêst tsjin in 2-0 efterstân oan. Yn de twadde helte moast it thúspublyk lang wachtsje op it lêste doelpunt. Pas fiif minuten foar de ein tekene Alcides foar de einstân.
De ploech fan trainer Bert Hollander stiet troch it ferlies noch altyd op 17 punten út 14 wedstriden.