De Jouwer ferliest fan Bataven

In fuotbal
Hikkesluter De Jouwer gong sneintemiddei yn it Gelderske Gendt mei 6-2 ûnderút by De Bataven. Betiid yn de wedstriid iepene de thúsploech de skoare. Noch gjin 5 minuten letter stie ek de 2-0 op it boerd. Krekt foar it skoft foel de 3-0, wêrnei't Ralph Wietses foar de rêststân fan 3-1 tekene.
Nei rêst gong de Gendtse doelpuntemasjine troch. By in stân fan 5-1 tekene Wietses foar syn twadde treffer. It slotakkoart wie foar de thúsploech. De Jouwer einige de wedstriid mei 10 man fierder nei read foar Niklas Tarvajärvi.
De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis bliuwt troch it ferlies stean op in skamele 3 punten út 13 wedstriden.